Jild foar boeren bûten greidefûgelkearngebieten

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Agraryske Natuerferiening Noardlike Fryske Wâlden wol 15.000 euro fan it eigen jild ynsette foar boeren dy't harren bêst dogge foar de greidefûgels, mar bûten de saneamde greidefûgelkearngebieten buorkje. As je net yn sa'n gebiet sitte, is der gjin provinsjale subsydzje beskikber. De gedachte dêrachter is dat in útwreiding fan it tal briedende greidefûgels better wol, as je dat út ien, grut en goed beheard gebiet wei dogge.
In los gebiet bûten it kearngebiet soe fierstente kwetsber wêze. Mar sa'n los gebiet soe wol oan in greidefûgel kearngebiet taheakke wurde kinne, as dêr oanlieding ta is, lit Evie Vinken fan Noardlike Fryske Wâlden witte. Mei dêrom wolle sy de famylje Ellens stypje, dy't by Eastermar buorkje en in plasdrasgebietsje oanlizze. Ek boeren dy't in strook maislân braak lizze litte, komme yn oanmerking foar in fergoeding.