Tal stedskuiers yn Ljouwert groeit eksplosyf
Kuierjen is tige populêr en foaral yn de stêd. Sa hat Ljouwert op it stuit te krijen mei in gigantyske groei oan stedskuiers. De groepen kuierders dy't harren oanmelde by it Historisch Centrum Leeuwarden binne mear as ferdûbele. En de boekingen foar de rest fan it jier gean as it slydjaget.
In soad Dútsers komme troch Kulturele Haadstêd op Ljouwert ôf en dogge dan in stedskuier mei in gids. Ek Ljouwerters sels kinne folle mear fan harren stêd sjen mei sa'n toer.