Stalker út Riis moat trije moannen de sel yn

De rjochtbank © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 52-jierrige man út Riis moat fan de rjochter drie moannen de sel yn foar it stalken fan in frou út Tsjerkgaast. De man is ek in kontaktferbod oplein en hy hat vijf moannen selstraf ûnder betingst krigen.
Brieven mei beskuldigingen
Hy hie de frou oardel jier lang brieven mei alderhande beskuldigingen stjoerd. Hy ferwiet de frou dat hy troch har alles kwytrekke is.
Tredde kear
It wie al de tredde kear kear dat de man him foar dit fergryp foar de rjochter ferantwurdzje moast. Hy is hjir earder ek al foar feroardiele. Neffens de rjochter die de man him te bot foar as slachtoffer, wylst hy de dieder is.