Fytse nei Sina foar bernefytsen earme Grinslanners

In Friezinne en in Drint út de stêd Grins dy't tegearre 20.000 kilometer nei Sina fytse om sa harren leafde foarinoar te fieren. It klinkt as it begjin fan in mop, mar neat is minder wier. Mariëlle van der Sluis (oarspronklik fan Damwâld en Boalsert) en har freon Martijn de Jong Posthumus binne twa wiken ferlyn op 'e fyts stapt, om sa jild yn te sammeljen foar de aksje Fietsen voor Kinderfietsen.
Martijn falt foar Mariëlle
Fiif jier lyn foel Martijn syn each op syn aardich buorfamke Mariëlle. Kontakt mei har meitsje slagge sa maklik noch net, mar dat feroare op de dei dat er 'tafallich' foar har fytste. Syn âld barrel liet him lykwols yn 'e steek. "Doe foel Martijn op 'e dyk, letterlik foar my", laket Mariëlle. "Ik haw him doe wer oerein holpen." En sa wist Martijn dochs it famke foar him te winnen. Om har te betankjen skreau er har in kaartsje dat er har wolris mei in racefyts seach en frege har oft hy har wer fytsen leare woe. "Dat fûn ik sa'n leaf kaartsje, en doe haw ik in kaartsje werom skreaun."
Earmoed yn Grinslân
Mariëlle en Martijn woenen graach in lange fytsreis meitsje. By de tariedings kamen se derefter dat bern yn harren eigen wenplak Grins betiden net iens jild hawwe foar in fyts. "Ien op de fiif bern yn Grinslân libbet yn earmoed. Der is gjin jild foar muzyk, sport of gewoan in brôchje. Dêr woenen wy wat foar dwaan."
De twa fytse 20.000 kilometer nei de East-Sineeske stêd Tianjin, in partnerstêd fan Grins. "Wylst wy fytse, wurde der yn Grins allegearre aksjes útfierd om fytsen yn te sammeljen." Minsken kinne âlde barrels ynleverje, dy't dêrnei opknapt wurde.
In jier lang fytse
It steltsje hat no likernôch 600 kilometer yn de skonken te sitten. "Wy binne no yn Dútslân, yn Warburg. Om ús einstasjon yn Sina te berikken hawwe we in jier útlutsen." De reis giet troch Mid-Europa, Turkije en de Kaukasus nei Sintraal-Azië.
"Fansels is it foaral in soad fytse, mar ûnderweis hawwe wy it lokkich ek wol oan tiid moaie dingen te besjen." Mariëlle en Martijn binne te folgjen op Instagram.