The Fruit Farm Group wol grûn by Seisbierrum oerkeapje
De provinsje Fryslân is yn petear mei The Fruit Farm Group oer de ferkeap fan grûn foar kassebou by Seisbierrum. Neffens deputearre Sander de Rouwe wol it bedriuw, dat ferline jier de firma Hartman oernaam, in grutte ynvestearring dwaan yn Noardwest-Fryslân. It giet om in ynvestearring fan tsientallen miljoenen yn in grut nij kassekompleks foar de tylt fan biologyske produkten.
Geotermy
Foar de ferwaarming fan it kompleks wol it bedriuw gebrûk meitsje fan geotermy.
It bedriuw hat it ynvestearringsjild noch net byinoar. Yn de rin fan dit jier moat dúdlik wurde oft de útwreidingsplannen fan The Fruit Farm Group trochgeane.
Pear hûndert nije banen
Neffens deputearre De Rouwe kin de útwreiding wol in pear hûndert nije banen opsmite. De provinsje wol dêrom wol meiwurkje oan de plannen fan The Fruit Farm Group.
Waddenglas
De grûnferkeap wurdt mooglik ien fan de lêste transaksjes fan it projekt Waddenglas, in mienskiplik inisjatyf fan provinsje, gemeente en ryk om de glêstúnbou yn Noardwest-Fryslân te stimulearjen.
It projekt Waddenglas wurdt nei alle gedachten ôfsletten mei in mienskiplik ferlies fan 4 miljoen euro. Dêrfan komt 1,3 miljoen euro foar rekken fan de provinsje.