FIDEO: De weropbou fan skûtsje Sterke Jerke (2)

Nei twa IFKS-kampioenskippen yn de Lytse A lonket de grutte klasse nei skipper Pieter Jilles Tjoelker en syn bemanning fan de Engelina Smeltekop. Nei in syktocht fine se in Bûtenfallaatster. It skûtsje is jierren as charterskip brûkt, hat twa mêsten, in te grutte roef en noch in hiel soad oare mankeminten. Mar yn de eagen fan de bemanning is it it perfekte skûtsje om mei te nimmen nei de C-klasse.
It hiele team wurket de hiele winter hurd troch om de Sterke Jerke wer yn tradisjonele steat werom te bringen. De deadline? De earste echte krêftmjitting fan it seizoen: Lemmer Ahoy, no tongersdei. Afke Boven folge de hiele operaasje en makke in twalûk. Is it Tjoelker en syn team slagge om it skip op tiid sylklear te krijen?
Moandei diel 1. Tiisdei diel twa. Woansdei skoot skipper Pieter Jilles Tjoelker oan yn Fryslân Hjoed om foarút te sjen op it seizoen.