Nij soarchsintrum De Stelp by moetingssintrum Ons Hol
In mearderheid fan de Amelanner gemeenteried is foar ferhuzing fan soarchsintrum De Stelp nei it terrein by multyfunksjoneel sintrum Ons Hol yn Hollum. Wol hat de polityk as betingst oanjûn dat de oare belutsen partijen, soarchoanbieder KwadrantGroep, soarchfersekerder De Friesland en it Soarchkantoar, definityf tasizzingen dwaan moatte oer finansjele bydragen.
De plannen kostje 12 miljoen euro, wêrfan't de gemeente 2,2 miljoen euro betellet. Underdiel fan de plannen is ek de oanlis fan in keunstgersfjild foar de fuotbalklup. Op de besteande lokaasje fan De Stelp kinne wenningen boud wurde. De plannen wurde no fierder útwurke foar de kommende gemeenteriedsgearkomste fan 28 maaie.