Wyldpisser jout falske namme op

In 32-jierrige Ljouwerter hat moandei in proses-ferbaal krigen om't hy tsjin it gerjochtsgebou stie te pisjen. De man hie krekt derfoar ek al in proses-ferbaal krigen, omdat hy in falske namme opjûn hie. De plysje woe de man hearre oer syn dielname oan in fjochtpartij yn de Alde Doelesteech. Mei de fjochterij foel it wol ta, mar de man joech in falske namme op.