Brân yn Prins Mauritsskoalle yn Ljouwert

Yn de nacht fan moandei op tiisdei hat der in útslaande brân west yn de Prins Mauritsskoalle oan de Brandemeer yn Ljouwert. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Doe't de brân drige oer te slaan nei de gymnastykseal waard opskaald nei middelbrân. Hoe't de brân ûntstien is, is net bekend.