Miggewolken lâns Iselmarkust soargje opnij foar ûngemak

By de Iselmarkust fleane dizze maitiid wer hûnderttûzenen lytse michjes om yn grutte dûnsjende wolken. De michjes soargje foar oerlêst, foaral by fytsers, mar automobilisten ha der ek lêst fan. It liket wol of hoecht de temperatuer mar in lyts bytsje omheech te gean, of se binne der wer. Mar wêrom fleane se mei-elkoar yn grutte wolken rûn en wêrom foaral yn it Fryske Iselmargebiet?
Fuortplantsjen is suksesformule
Jan Schram fan It Fryske Gea: "It lege wetter en de grutte hoeveelheid slyk oan de Fryske side fan de Iselmar is in ideale omjouwing foar michjes om harren fuort te plantsjen." De wyfkes lizze yn it slyk de aaikes, sân wike letter komme dizze út en dêrnei fleane de michjes út. De michjes libje mar trije dagen, mar om't de wyfkes oant wol 3.000 aaikes lizze, ûntstiet der yn dizze regio in gigantyske populaasje miggen.
"Je kinne dus wol sizze dat de bistjes in suksesformule hawwe om nettsjinsteande har koarte libben, dochs foar in enoarm neiteam te soargjen", seit Schram. De michjes binne dan ek in wichtige boarne fan iten foar in grut ferskaat oan bisten, sa as fûgels, fisken, kikkerts en salamanders.
Dûnsjende miggewolk
Mar hoe kin it dat de michjes har lykje te sammeljen en mei har tsientûzenen dûnsjende wolken foarmje? Schram: "De michjes sykje beskerming byelkoar, wêrtroch't se yn grutte groepen rûnfleane, oant se deagean."
Tips
Lês hjir hoe't je de plette miggen op tûke wize fan je autorút krije.