Auto rydt wenning yn Ljouwert binnen
In auto is sneintejûn yn Ljouwert in wenning binnen riden. It iensidige ûngelok barde op de Roptastate. De oarsaak fan it ûngelok is noch net helder. Fanwegen mooglike ferwûningen fan de bestjoerder, is in ambulânse oproppen. It is noch ûndúdlik hoe't de bestjoerder der oan ta is en oft der op it stuit fan it ûngelok minsken oanwêzich wiene yn it hûs.