Stedskuier fertelt oer skiednis fan keatsen yn Frjentsjer

It partoer fan Bauke Triemtra keatst de PC-finale op it Sjûkelân © Henk Bootsma
De skiednis fan it keatsen wurdt op 'e nij ferteld by in spesjale stedskuier troch Frjentsjer. Dêrby heart in kuiergids 'Kaatsstad Franeker' en in app foar op de smartphone. De kuier giet lâns 14 lokaasjes dy't belangryk binne yn de histoarje fan de keatssport. Op woansdei 16 maaie sil it earste eksimplaar fan de gids oanbean wurde oan boargemaster Apotheker fan de gemeente Waadhoeke.
De gids makket ûnderdiel út fan de ynternasjonale keatswike 'Heedaar!', dy't tusken 30 july en 5 augustus hâlden wurdt yn Frjentsjer, yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.