Skilders fan 'De Salon' bringe Alma Tadema wer ta libben
It liket as oft Laurens Alma Tadema noch libbet. Op in doek yn ien fan de teätersealen fan stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert ûntstiet stadichoan in muorreskildering. It liket op in keunstwurk fan de bekende keunstner út Dronryp: op de foargrûn de tradisjonele Grykske tafrielen, op de eftergrûn de see. Allinnich dan ferwurke nei it no, makke troch in tsiental artysten fan oer de hiele wrâld.
Dekorative skilders
Se binne yn Ljouwert foar 'De Salon'. In jierliks barren fan de belangrykste dekorative skilders fan 'e wrâld. Yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân 2018 is de byienkomst nei Ljouwert helle. Randolph Algera en Gabriëlle Westra fan It Hearrenfean ha in skoftlang dwaande west dit foarinoar te krijen. Dat wie bêst dreech om't 'De Salon' gewoanwei allinnich wrâldstêden as New York, Frankfurt en bygelyks Sint Petersburg oandocht.
Ko
De opset is frij simpel: alle keunstners begjinne mei in wyt doek. Oan de ein fan it wykein ha se allegear ien of meardere keunstwurken makke, ynspirearre troch it tema Laurens Alma Tadema. Sa makket de Amerikaanske artyst Andy Eccleshall in skilderij mei dêrop in âld Gryksk terras pleatst yn it Fryske lânskip. Sintraal stiet in ko dy't in plak fûn hat op dat terras. Eccleshall fynt Fryslân fantastysk. Hy fynt it hjir hearlik rêstich (mei útsûndering fan 5 maaie) en hellet in soad ynspiraasje út de omjouwing.
Ferkeapje mei net
'De Salon' duorret noch oant sneintemiddei 17.00 oere. Dêrnei wurdt alles opromme. De makke doeken wurde troch de artysten meinaam nei hûs. Ferkeapje by De Salon mei perfoarst net. Randolph Algera: "Wij willen hier geen concurrentie onderling. Het gaat er nu om dat mensen leren, artiesten naar elkaar kijken, we eigenlijk het vak beleven. Als mensen interesse hebben, staat het ze vrij contact te leggen met een van de artiesten. Maar hier verkopen we niets."
Alle artysten binne noch in oantal dagen yn de provinsje. Se farre noch troch Ljouwert en gean dan op toernee lâns de waadeilannen. Dan sette se wer ôf nei hûs, in tas fol nije inspiraasje as bagaazje.