Famke rekket ferwûne nei fal fan luchtkessen yn Bakkefean

Ambulânse © Omrop Fryslân
In famke fan trije jier is sneontemiddei yn Bakkefean ferwûne rekke nei't se fan in luchtkessen fallen is. It famke sit mei har famylje op camping de Ikeleane oan de Duerswâldmer Wei. Om't net dúdlik wie hoe earnstich it famke der oan ta wie, is foar de wissichheid in traumahelikopter mei in Mobyl Medysk Team (MMT) ynsetten. It famke is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht. Hoe't sy der oan ta is, is noch net dúdlik.