Frijheidsfjoer Ljouwert direkt nei it oanstekken ek alwer út

It befrijingsfjoer yn Ljouwert is sneontemiddei direkt neidat it offisjeel oanstutsen is ek alwer út gong. Premier Mark Rutte koe it fjoer om healwei twaen hinne al dreech oankrije. Troch ûnbekende oarsaak binne de flammen direkt dêrnei ek alwer út gong. Technisy fan de organisaasje binne in healoere dwaande west om it fjoer wer oan te krijen. Dat is no slagge.