Man (19) wol mei pûdsjes drugs de finzenis yn

In 19-jierrige man út Grins is oanhâlden yn de Ljouwerter finzenis De Marwei. De man besocht freed om pûdsjes mei drugs de finzenis yn te smokkeljen. Dat slagge net, hy waard trapearre. De man is heard en moat yn july foar de rjochter komme.