Ljouwerter plysjeminsken drok mei dronken razers

De plysje yn Ljouwert hat it drok hân mei minsken dy't ûnder ynfloed fan drank of drugs wienen. In 21-jierrige drankrider út Ljouwerter waard op de Willemskade oan de kant set. It rydbewiis fan de begjinnende bestjoerder is ynnaam.
In 36-jierrige drankrider út Grins krige in proses-ferbaal en moat in boete fan 300 euro betelje. In skooterrider krige proses-ferbaal neidat er foar de twadde kear oanholden waard. De man hie krekt derfoar yn it sintrum in rydferbod krigen omdat er wegere mei te wurkjen oan in blaasproef.
In 40-jierrige Ljouwerter is oanhâlden neidat er op de Cambuurstrjitte dronken oan it razen wie. Hy soarge foar in soad oerlêst. De plysje hold ek in 35-jierrige bewenner fan de Roptastrjitte oan dy't ûnder ynfloed fan drugs yn syn hûs oan it razen wie. De plysje hie de man derfoar al in proses-ferbaal jûn, mar dat holp net.