Kollum: "Vladimir"

"Hjoed op de dei ôf twa jier lyn siet ik op in fleanfjild yn Moskou. Domodedovo, sa hjit it. Ik moast dêr in oantal oeren wachtsje oant de Lufthansa my fan Moskou nei Munchen bringe soe. De reis wie in oantal oeren earder al begûn, fan in hobbelich fleanfjild boppe de poalsirkel nei de Russyske haadstêd. Dêr yn it hege noarden wie it min tweintich graden en doe't ik letter op de dei op Schiphol ta de doar útstapte, stie der 21 graden op de digitale termometer. De jas koe út, sis mar. It waar wie hast krekt gelyk oan dat fan hjoed.
As je wachtsje moatte op in fleanfjild ha je tiid om te observearjen. Dat is moai wurk. As earste wie ik wol bliid om in filiaal fan de Subway te sjen. Even wat bekends ite, hiel wat oars as sjaslik yn de datsja fan myn nije freonen yn Sibearië. Dêrnei ha ik my mei in boek deljûn op in bankje mei útsjoch op de paspoart- en bagaazjekontrôle. Yn de pear oeren dy't ik dêr sitten ha, wie der genôch stof om in boek oer te skriuwen.
Der kamen trije mannen mei in langwerpige tas nei de baly. Ien fan it trio wie in betûft bespiler fan it dûanepersoneel. Litte we him foar it gemak Vladimir neame. Hy knikte gerêststellend nei de beide oaren manlju, dy't nochal switterich rûkten doe't se by my delkamen. Ek de rook fan wodka wie fansels oanwêzich, oars dogge je net mei yn Ruslân.
Vladimir spruts de stoersk foar him útsjende balymeiwurker oan. Krekt mei wat tefolle bravoer. Dat wurket net yn Ruslân, kin ik jo melde. Jo moatte sa neutraal mooglik bliuwe, net te opsichtich laitsje en ek net te benaud sjen. Gewoan dwaan, dat is it bêste.
It bliek dat de twa manlju jagers wienen dy't in pear dagen op de toendra omdoarme hienen. Yn dy tas siet in mânsk jachtgewear dat troch de dûane loadst wurde moast. Ynearsten wienen se alle trije wakker oertsjûge fan it feit dat soks in formaliteit wêze soe. No, ik kin jim melde dat de pearse krokodil grif yn Ruslân útfûn is. Vladimir, dy't dúdlik de wurdfierder wie, prate as brugman. Hy seach earst noch mei in soad selsbetrouwen yn de rûnte. Hy stiele út dat er dit al mannich kearen regele hie en dat wie miskien ek wol sa.
In oere letter, ja, ik ha de tiid byholden, want ik hie dochs neat te dwaan, wie de situaasje net bot feroare. De dûanemeiwurker beseach minusjeus it iene nei it oare formulier en luts him neat oan fan Vladimir, dy't drok pratend mei de minút minder oertsjûgjend oerkaam. Achter my makke it iene nei it oare fleantúch him los fan de slurf en fleach fuort. Ik koe sjen dat de beide jagers it each net fan harren klokje ôfhâlde koenen. Ik wist net hokker flecht se ha moasten, mar de tiid rekke al op, sa te sjen. Vladimir bêde harren ûnrêst del mei lytse kalmearjende tekens. Hy hie noch altyd de kontrôle, sa woe er de oaren leauwe litte. Ik klapte myn boek ticht, want dit live toaniel wie folle spannender.
Nei in oere en tsien minuten krige de meiwurker in telefoan en belle. Even letter kamen der trije man yn unifoarm dy't de hearen freonlik fersochten mei te kommen. It swit rûn de jagers oer de holle, want nei goed Russysk gebrûk wurdt de kachel binnendoar goed heech opstookt. Vladimir waard wyt om de holle en die der no even it swijen fierder ta. Nei in goed healoere, se wienen dus mear as oardel oere dwaande, draafden de beide jagers wer nei de baly, mei in wapperjend papier yn de hân. Dêr stie grif it goede stimpel op, want se mochten trochrinne en ik tink dat se noch krekt harren flecht helle ha.
It personeel achter de balys hie grif harren wurkdei der op sitten, want der ferskynden nije gesichten. Foar my wie it ek tiid om yn te checken. Dat gie foar wûnder, ik mocht samar fierder. Doe't ik myn rêchsek oer it skouder die, seach ik dat achter my in nuveraardich selskip nei de baly rûn. Trije mannen yn kamûflaazjeklean mei yn harren hân in langwerpige tas. Foar harren út rûn in bekende. Vladimir. Hy begûn tsjin de nije balymeiwurker te praten as wie der neat bard.
Vladimir. Dêr moat echt in boek oer skreaun wurde."