Grutste bamboebouwurk fan Europa stiet op Gaastereilân
Op it Gaastereilân by Drachten wurdt dizze dagen de grutste 'bamboedome' fan Europa delset. It bamboebouwurk is bedoeld foar muzyk- en sirkusteäter Finestra Aperta en makket ûnderdiel út fan it haadprogramma fan LF2018.
De foarstelling wurdt fersoarge troch Blau Hynder en Boost Producties mei skouboarch De Lawei. It is de bedoeling om hjirmei ek ynternasjonale leafhawwers fan keunst en kultuer nei Fryslân te lûken. De premjêre is op sneon 2 juny en de foarstelling wurdt de hiele moanne spile. Yn de dome is romte foar 320 besikers.