LIVE: Wâldrock-reüny op befrijingsdei yn Ljouwert

Strawelte en The Amp, it binne twa opfallende Fryske bandnammen yn de line-up fan de Wâldrock-reüny sneon op it befrijingsfestival yn Ljouwert. Beide bands binne spesjaal foar dit evenemint wer byinoar kaam. It Noardewyn Live poadium fan Omrop Fryslân by de Arendstuin stiet de hiele dei yn it teken fan Wâldrock, dat tritich jier ferlyn foar it earst hâlden waard.
Oare acts dy't optrede sille, binne Jankobus Seunnenga & special friends, Restless, Claw Boys Claw, Weekend At Waikiki, Livin Blues, Bad To the Bone, Incursion Dementa en de Doelleazen. Bruno Rummler komt mei in earbetoan oan syn omke Doede Bleeker. Bleeker wie yn 1988 skoft-act by Wâldrock. Hy ferstoar op 18 maart 2018.
De Wâldrock-reüny is op 5 maaie te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online. Tusken 13.00 en 22.00 oere komme de ferskate acts foarby dy't earder op it Wâldrock-festival yn Burgum spile hawwe. De presintaasje is yn hannen fan Willem 'Wâldpyk' de Vries en Eric Ennema.
Line-up
13:30 - 13:45 oere: Earbetoan Doede Bleeker/Bruno Rummler
13:50 - 14:15 oere: Restless
14:30 - 15:00 oere: The Amp
15:15 - 15:45 oere: Weekend at Waikiki
16:00 - 16:30 oere: Livin 'Blues Exp.
16:45 - 17:15 oere: Bad to the Bone
17:30 - 18:00 oere: Incursion Dementa
18:30 - 19:30 oere: Claw Boys Claw
20:00 - 21:00 oere: Strawelte
21:15 - 21:45 oere: De Doelleazen

Tusken de akts yn treedt Jankobus Seunnenga op as artyst en dj.
Podcast
Alfêst yn de stimming komme foar de Wâldrock-reüny? Harkje nei de podcast, wêryn't mei de ''founding fathers'' fan it festival Kees Koudstaal, Rinto Bekkema, Jaring de Groot en Willem de Vries weromsjoen wurdt op de ferskate Wâldrock-edysjes.
Fan 13.00 oere ôf binne de optredens te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 18.00 oere wurdt de útstjoering op telefyzje ôfsletten, mar giet it feest op it festivalterrein en de livestream gewoan troch.