Brêgeknipper: kapperssaak yn brêgewachtershúske
Gjin brêgewipper, mar in brêgeknipper! Jolanda Bloemsma iepenet in kapperssaak yn in brêgewachtershúske yn Ljouwert. Hier knippe en de brêge betsjinje: it liket har wol wat, want it is net echt in gebrûklik plak om dyn hier knippe te litten.
Oeral wol in oplossing foar
It brêgewachtershúske oan it Suderplein hat noch wol in opknapbeurt nedich. Jolanda sil noch in wike klusse om it hielendal fris te meitsjen. Yn it húske is gjin streamend wetter en ek in wc is der net. "De minsken moatte thús mar nei de wc", seit Bloemsma. Wetter nimt se mei yn in jerrycan. "Der is oeral wol in oplossing foar. As ik nei de wc moat, gean ik bygelyks nei de ING of de McDonalds", seit se. "Der binne oeral aardige minsken om my hinne, dat komt wol goed."
In hiel karwei
Bloemsma kaam op it idee omdat se faak by it húske del fytst. "Ik seach it stean en naam foarich jier oktober kontakt op mei Stichting Brugwachtershuisjes. Mar dy koenen my net fierder helpe", fertelt se. Yn januari is Bloemsma sels nei de gemeente Ljouwert stapt en dêr wienen se al entûsjast. "It wie dochs wol in hiel karwei om it foar elkoar te krijen. It is ek net in gebrûklik plak foar in kapsalon fansels."
Se mei sels net oan de knoppen sitte, mar moat al in brêgewachterskursus folgje. "Miskien dat ik yn in needgefal al ris mei", laket se. As de brêge betsjinne wurde moat, dan komt in brêgewipper del.
Lytste kapperssaak fan it lân
Bloemsma hie foar dizze kapperssaak ek al in bysûndere kapperswinkel, nammentlik de lytste kapperssaak fan Nederlân. Se wurke doe op fjouwer fjouwerkante meter. It brêgewippershúske is krekt wat grutter, mei ûngefear noggen fjouwerkante meter