Feitsma: Festivals moatte betelje, mar we tinke mei

De gemeente Ljouwert is ree om mei te tinken oer in systeem wêrmei't de festivals Welcome to the Village en Psy-Fi dochs noch toeristebelesting ferhelje kinne op de besikers. Dit jier is dy toeristebelesting fan krêft wurden, mar dat is de twa festivals net ferteld. En dy hiene der ek hielendal net op rekkene by de kaartferkeap.
It giet om in euro foar eltse oernachting fan in besiker en dan rinne de kosten hurd op. De gemeente hat in belange-organisaasje fan toeristyske bedriuwen wol apart ynformearre oer de nije belesting.
De festivals moatte wol gewoan betelje, fynt wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert. Want de regel is dat je jinsels ynformearre moatte oer jildende wetten en belestings. En de komst fan de nije belesting is publisearre. Feitsma wol wol meitinke en prate oer in praktyske oplossing foar it probleem.