Reitse en Tryntsje Spanninga ferkeapje restaurant 't Plein

Reitse Spanninga hat syn restaurant 't Plein op De Jouwer ferkocht. Hy runde it restaurant tegearre mei syn frou Tryntsje. Nei tritich jier fine se it tiid om op te hâlden mei it restaurant en harren folslein ta lizzen op evenemintemanagement. It restaurant wurdt op 18 juny oernaam troch hoarekapear Marten Haga en Nely Smit.
Sjef-kok Ultsje Dijkstra nimt ek ôfskied fan 't Plein. Hy beriedt him noch op syn takomst.