Gjin aktiviteiten mear yn Feanwâlden fanwegen bedrigingen

© Google Street View
De aktiviteitekommisje Mei Elkoar Ien yn Feanwâlden hat alle aktiviteiten foar dit jier skrast. Dus gjin feestwike, gjin fiskwedstryd en gjin rommelmerk mear yn it doarp. Reden is de oanhâldende bedrigingen dêr't de fiif kommisjeleden de lêste twa jier mei te krijen hân hawwe.
De problemen binne ûntstien neidat de kommisje besletten hie om de hoareka by de aktiviteiten net langer troch in pachter útfiere te litten, mar sels mei frijwilligers te dwaan.
Ekstra befeiliging
Sûnt dy tiid wurde de fiif leden bedrige, is der sprake fan fernielingen en hawwe se ekstra befeiliging by de feestwike ynsette moatten. De lêste tiid is der wer sprake fan ûnrêst en bedrigingen op de sosjale media. Dat is reden foar de aktiviteitekommisje om der fuortendaliks mei op te hâlden.
Op Facebook skriuwt de aktiviteitekommisje dat se it tige spitich fynt dat se dit beslút nimme moatte. "De afgelopen jaren hebben wij als bestuursleden veel tijd en energie gestoken in het organiseren van activiteiten voor het dorp. Dit hebben wij altijd met veel plezier gedaan maar de afgelopen twee jaar hangt er een zwarte wolk boven."
It bestjoer wol dizze stap fan de kommisje net taljochtsje út eangst foar fierdere bedrigingen.