Kollum: "Oarloch"

"Snein ha ik yn it Fries Museum west. Escher. Moai. Mar ik stie der wat grimmitich nei te sjen, want eins hie ik it smoar yn. Oan de ein ha ik efkes nei ûnderen west en it swurd fan Grutte Pier yn ’e bûse stutsen. En fan 'e moarn ha ik trije en in heale minút krigen fan Omrop Fryslân om jim mei te krijen yn in oarloch. It is yn dizze wrâld in nuveraardige oarloch, want it giet net oer ien of oar leauwe. Mar dat kin my neat skele: ik ferklearje de oarloch oan it gewest Grinslân.
Grinslân hat jierren yn de boaiemdelgongsierdbevingsnederklits sitten. Dêr binne se ferline wike úttild troch de famylje Oranje. Dêr ha se in kwak arro fan krigen. En dan keare Grinzers har automatysk tsjin Fryslân. Mar diskear te grouwélich.
It giet om Skier. Skiermûntseach. Lytje Pole. Dat eilân ferskoot wat yn dy noch libbene Waadsee nei it easten. Nei Grinslân dus. Sterker, se ha by it kadaster yn Grins in man oansteld, dy’t alle dagen foardat hy wat oars docht, earst efkes nei Skier ta moat. En mjitte. En ferline wike hat dy man raasd om it libben: it is wer safier. De lju, dy’t op de Skieding tusken Grinslân en Fryslân wenje, witte net iens dat se yn Fryslân ite en yn Grinslân skite, mar op Skier krije dy Grinzers al in orgasme as der in krûm sân oan har kant fan de tinkbyldige grins komt.
Hjir heart fansels in skiednisferhaaltsje by. Dat yn eardere tiden Skier fan Fryslân wie, mar dat we net wisten wat we der mei moasten. Der gie ommers noch net in boat mei toeristen hinne, it lei der mar wat. Dus doe’t Fryslân jild nedich hie, foar de oarloch tsjin de Saksen, dy’t letter Grinzers waarden, ha se it eilân ferkocht oan partikuliere ynvestearders. Ien dêrfan wie Catharina Stachouwer. Om 1750 hinne wie dat. In dwers wiif, krige spul mei elk. Dan belle se nei Ljouwert en dan kamen Fryske soldaten om har wer wat romte te jaan. Terjochte yn Fryske sin, want se wie eigensinnich.
Foar de lêste oarloch wie it eilân fan in Dútser, mar dat ha we him nei de oarloch daliks ôfnaam. Al sieten der doe oant juny Dútske soldaten op it terras fan hotel Bernsdorff. It kaam by Fryslân.
Yn 2006 moast it kadastrale streepke tusken Fryslân en Grins justjes nei it easten. Se ha’t oer “afkalving en aanslibbing”, mar neffens my sitte de Grinzers ûnder wetter der gewoan tsjin oan te triuwen. Dy wolle wol sa graach in waadeilân ha. Dan binne je wat mear yn de wrâld. Mar it is gewoan ús eilân, Wý en net de Grinzers ha frou Stachouwer holpen. No ek ôfbliuwe dus.
No binne de Grinzers om in hiel spesiale reden yn 2006 akkoart gien mei in formele grinswiziging. Se krigen jild fan Fryslân, wy binne no ienris kloaten. Mar as om de goede gong fan saken in Grinzer wc by Fryslân komme moat, betelje we dêr toch net foar? En wol foar dy krûm sân? De lanlike en dus noch formalistysker oerheid sei dat it sa moast om, goed harkje, as der no in ramp bart op it eastlike puntsje fan Skier, wat de helte fan de dei ûnder wetter stiet, dan moatte de Fryske rêdingboaten formeel oan de kant bliuwe, en dan komt der rêding út it trije dagen fierder lizzende Delfsyl. Unsin.
Mar ûnsin is noch net genôch foar oarloch. Dy moat der lykwols al komme, omdat de Grinzers no sein ha dat se it stikje diskear net oan Fryslân jaan wolle. Se wolle it hâlde. We boartsje as noarden wol o sa moai mei syn trijen yn de sânbak, mar op in dei is it ynienen oer. Dan slaan we elkoar op de bek. Want wat se net sein ha, is dat se dêr in man yn it weake sân sette wolle dy’t fan dêrút stadich nei it westen tagiet en elkenien ombringt dy’t net sizze wol 'er gaat niets bov’n Groning’n', om't Skier no ienris noardeliker leit as Grins. Want inkeld dêrom wol Grinslân dat puntsje ha.
No, jim witte genôch. Oarloch. Ik ha it spandoek al klear.
Op nei Skier, mei it swurd fan Grutte Pier!"