De Wâldsang oefenet noch ien kear foar EK

De Wâldsang fan Bûtenpost kin dit wykein Europeesk kampioen brassbands wurde. Yn Utrecht moatte de muzikanten freed en sneon oan de bak. De spanning by de muzikanten nimt stadich oan ta. By in repetysje yn Gerkeskleaster waard ûnder lieding fan dirigint Rieks van der Velde noch skerp repetearre.
De Wâldsang spilet ien ferplicht nûmer, Time for Outrage! fan de komponist Marco Pütz. Op de twadde dei spylje se in nûmer dat se sels útsykje meie.
De Wâldsang pleatste him ein oktober foar it EK. Se wiene fierwei de bêste brassband fan it Nederlânsk kampioenskip. Oan it EK dogge noch alve oare lannen mei.