Boek "Het Beest' oer Lieuwe Westra presintearre yn Amsterdam
Ald-hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat tiisdei yn it Fryske kafee Thúskomme yn Amsterdam syn boek 'Het Beest' presintearre. It boek is skreaun troch âld-Dokkumer Thomas Sijtsma.
Westra is ophâlden mei hurdfytsen en wennet tsjintwurdich mei syn Australyske frou 'Down Under'. Hy is twa kear Nederlânsk kampioen tiidriden wurden en hat ferskate etappen yn Parijs-Nice en it Critérium du Dauphiné wûn.
Elke topsporter docht it
De foarpublikaasje fan it boek soarge ôfrûne wykein foar opskuor, omdat Westra sein hie dat er kortisonen brûkt hat. Dêr waard yn guon gefallen op reagearre as hie er doping brûkt. Mar Westra hie in attest fan de dokter om kortisonen brûke te kinnen, en dan mocht it. "Ik haw altyd tsjin doping west en yn myn belibbing wie it gjin doping. It wie it grize gebiet. Elke topsporter docht dat. Oant de line en net fierder. Ik haw noait oer de line west. Ik hie in attest en koe gewoan ride." Mar de blessueres op grûn wêrfan't de dokter it attest útskreau (om kortisonen te brûken) hie er net altyd, jout Westra ta. "Doe wie dat maklik. Letter, doe't de regels oanskerpe waarden, koe dat net mear. Yn myn eagen haw ik neat ferkeard dien." Westra is net benaud foar de reaksje fan syn eardere ploech Astana.
Hurde wrâld
Skriuwer Thomas Sijtsma skrok der ôfrûne wykein ek fan dat it sa grut oppakt waard. "It earste wat ik tocht wie: stiet it wol goed yn de media? Oft it no wol of gjin doping is, is in griis gebiet. Foar beide is wat te sizzen. De hurdfytswrâld is in hurde wrâld. Der bart folle mear as ik as skriuwer earst yn de gaten hie. Ik tink dat it dêrom ek sa mei Lieuwe ôfrûn is. It is elk foar himsels. Jo tinke dat jo in freonskip of in bân opboud hawwe en dêr bliuwt úteinlik net folle fan oer."
Depresjes binne oer
Nei perioaden fan depresjes giet it no goed mei Westra. "Ik haw noch wolris in minne dei, sa ien kear yn de twa of trije wiken as it wat te drok wurdt. Mar elkenien hat wolris in minne dei en ik wit wêr't it troch komt."
De Fryske âld-hurdfytser wennet dan wol yn Australië, hy hat syn hûs op De Tynje noch wol. Hy komt dan ek wol in pear kear yn it jier werom nei it heitelân. "Fryslân is dochs wêr't ik wei kom."
Dokkumers fytse nei Amsterdam
Hoe kinne jo it bêste út Fryslân wei nei in boekpresintaasje yn Amsterdam gean oer in âld-hurdfytser? Op de racefyts fansels. Al hâlde it waar tiisdeitemiddei net oer, dochs hisen Andries Jan Schaaf en Edwin Leffring út Dokkum harren yn sportyf tenu en fytsten 170 kilometer yn stoarmwaar nei de haadstêd ta. "Skriuwer Thomas Sijtsma is in maat fan ús en we fûnen dat wy dit gewoan foar dizze manlju dwaan moasten. Thomas sels sei: "Jimme binne gek, jimme doge net". It wie ek wol frij pittich. Foaral op de Ofslútdyk wie it flink ôfsjen mei bytiden wynkrêft acht", laitsje de manlju. Oft de Dokkumers ek sa gek binne om tiisdeitejûn itselde paad werom te riden...? "Earst mar efkes in bierke en in bitterbaltsje en wa wit wat wy dan noch allegearre betinke."
Mem Alie Westra
Lieuwe Westra hie yn syn karriêre ferskate 'piken en dalen'. Thomas Sijtsma prate by de tariedingen fan syn boek ek mei Lieuwe syn mem Alie Westra, ek oer de djiptepunten. "Ik bin bliid dat it boek der is. It is wol in moai boek, ek in earlik boek. Dat haw ik ek tsjin Lieuwe sein: 'It kin mar ien kear, dus it moat wol earlik'. Westra komt yn it boek út foar syn depresjes. Al hat mem Westra it dêr bytiden wol dreech mei. "It giet lokkich hieltyd better. Bellet er alle dagen, dan is it goed. Hear ik in skoft neat, dan wit ik dat it foute boel is. Dan is it fansels wol lestich dat er sa fier fuort wennet, mar hy hat yn Australië in leuke frou troffen en hy komt dêr hielendal ta syn rjocht."