Lotz Leeft, filmmakker vlogt oer syn eigen kanker

"Je bent 42 jaar. En dan krijg je te horen dat je longkanker hebt. Uitgezaaid naar het bot. Stadium 4 van 4." Sa begjint in vlog fan in Frysk-Grinzer filmmakker Ismaël Lotz oer de kanker dy't er hat. Lotz wol de sjoggers yn syn vlogs, dy't er makket foar RTV Noord, meinimme yn syn nije wrâld. De fertroude kamera is dêrby syn wapen. Yn 'Lotz Leeft' kinne sjoggers folgje wat er allegearre meimakket.
Ismaël Lotz wurke jierrenlang by Omrop Fryslân. Hy wie kameraman en hat ûnder oare meiwurke oan de dramasearjes Baas Boppe Baas en De Koers. De lêste jierren is er suksesfol mei eigen filmproduksjes, ek yn it bûtenlân. Sa wûn er in priis op de Los Angeles Film Award.
Nei't er te hearren krige hie dat er kanker hie, kaam Lotz yn in achtbaan fan tests telâne. Nei mear as twa moanne wachtsjen en ûndersiken wist er hokker mutaasje it is. Syn fariant komt foar by minsken mei Aziatysk bloed, by jonge minsken, by froulju en by minsken dy't net smoke. "De vraag krijg je geregeld. Of je gerookt hebt. Het stigma van deze kanker is duidelijk: roken."
Der bestiet in medisyn foar: ien pil deis. "De dokter heeft het over het remmen van de tumor. Maar ik ga voor radicale remissie. Laat mij dat medische wonder maar zijn." De vlogs binne te sjen by RTV Noord.
Ismaël Lotz hat suppleminten nedich om syn ymmúnsysteem te ferbetterjen. Dat wurket ek better foar syn terapy. De suppleminten kostje 150 euro it doaske en wurde net fergoede. Hy hat 900 euro yn de moanne nedich. Donaasjes binne wolkom.