Werynrjochte Kazemattemuseum klear foar 4 maaie
It monuminteplein fan Koarnwertersân is werynrjochte. Sa'n 15 frijwilligers binne tiisdei drok dwaande om it klear te meitsjen foar freed 4 maaie. Dêr wurde skulpen ferpleatst en it grint wurdt oanharke foar nije paden. Mar dat hat net de grutste feroaring fan de ôfrûne moannen west, fertelt Anne van Schepen fan it Kazemattemuseum. "Dêr hat in foutsje west, wêrtroch't in sneuvele bussjauffeur nea op it monumint stien hat." Roelof Lubberts wie bussjauffeur fan de DABO (Drintske Autobusûndernimming). Hy sneuvele doe't syn bus, foar it ferfier fan Nederlânske soldaten, op 'e kop fan de Ofslútdyk ûnder fjoer kaam fan Dútske fleantugen. Syn namme is no al op ien fan de trije monuminten by Koarnwertersân pleatst.
Fierder binne de monuminten opknapt en binne se better te besjen. "Trochdat se op Cortenstiel pleatst binne, fan dat moaie stiel dat rustket, komme se better nei foaren", fertelt Van Schepen. "De âlde treppen binne ek ferfongen troch stielen treppen", seit er. Neist it stiel is der ek mei beton wurke. "Dêr is in arena-achtige konstruksje makke fan betonnen eleminten. Dêr kinne de minsken op sitte", seit hy. Dêr binne mear sit- en steanplakken realisearre foar de groeiende groep belangstellenden.
Freed 4 maaie ferwachtet Van Schepen wer in soad minsken by it monuminteplein, wêrûnder skoalbern, it gemeentebestjoer, de kriichsmacht en kommissaris fan de Kening Arno Brok. De organisaasje riedt minsken dan ek mei klem oan om te parkearjen op it parkearplak by it Ofslútdyk Wadden Center en fia de treppen nei it museum te gean. Minsken dy't min rinne, wurdt oanret om fia Breesândyk te riden en dan foar de brêge ôf te slaan nei it museum.