Twa manlju oanhâlden foar belutsenheid by drugslab Suwâld

In 28-jierrige man út Roden en in 35-jierrige man út Assen binne tiisdeitemoarn troch de plysje oanhâlden, nei oanlieding fan ûndersyk by it drugslab yn Suwâld, dat ein foarich jier ûntmantele waard. De twa binne oppakt op fertinking fan it produsearjen fan syntetyske drugs. Op 12 desimber foarich jier waard yn Suwâld in grut drugslab ûntdutsen yn in stâl njonken in pleats. Nei de fynst sette de resjerzje mei in ûndersyk útein; der waard mei belutsenen praat en ek waard spoare-ûndersyk dien. Op basis dêrfan binne de twa manlju út Roden en Assen tiisdei goed fiif moannen letter, oanhâlden.
De bewenner fan de pleats yn Suwâld sit sûnt desimber noch hieltyd fêst. Hy moat him healwei maaie foar de rjochter ferantwurdzje. It Iepenbier Ministearje sil freegje de stâl en de pleats ferbard ferklearje te litten.