Kollum: "Kabaal op de Dam"

"It soe net. Omdat it net goed foar de bloeddruk is. En toch doch ik it. Mei it risiko dat ik aanst 150 oer 300 mjit. Ik ha it fansels oer de oanlieding foar dizze kollum. Der wiene ôfrûne dagen genôch berjochten dêr’t men oer te set koe. Dochs is de oprop om op 4 maaie de deadebetinking te fersteuren it nijs dat my it meast pleaget.
Om earlik te wêzen tocht ik earst dat it in hoax wie, in berjocht fan De Speld of ferlykbere kanalen. Spitigernôch wie dat net it gefal. De aksjegroep ‘Geen 4 mei voor mij’ die op facebook in oprop om de twa minuten stilte by de betinking op de Dam mei kabaal te fersteuren. Ik soale hast fan de stoel doe’t ik it lies. De betinking is nammentlik rasistysk neffens dy groep. Hoe groanysk ferfeeld, narsistysk, ûnwittend en net te bedjipjen ûnnoazel moatte je wêze om ta sa’n aksje op te roppen.
Wy libje yn in frij lân. Yn in demokrasy dêr’t je de frijheid ha om ergens tsjin te wêzen, om jins miening te uterjen, om te sizzen watst wolst en te wêzen wa’tst wêze wolst. Dy frijheid is lykwols net fanselssprekkend. Dy is op in ûnhuerige wize befochten wurden. Yn de Twadde Wrâldoarloch foelen tusken de 50 en 70 miljoen deaden. Slachtoffers fan in striid dy’t oer ymperialisme gie, oer rasisme en fassisme. Krekt dy saken dêr’t aksjegroepen as ‘Geen 4 mei voor mij’ en ‘De Grauwe Eeuw’ it Nederlânske regear en it folk no fan beskuldigje. Se misbrûke frijheid en tolerânsje om op folslein respektleaze wize de maatskippij te konfrontearjen mei harren keunstmjittich slachtofferskip, om yntolerânsje oan te jeien en haat te siedzjen. Alles dêr’t dy twa minuten op in totaal fan 525.600 yn in jier foar stean, moatte blykber troch kabaal besmoarge en oantaast wurde.
Ferjit net dat dit gjin isolearre ferskynsel is. It is in symptoom. Tink oant it antysemitisme dat wer tanimt. Net allinne hjir, mar yn tal Europeeske lannen. Oan de ûntkenning fan de holocaust en it feit dat dy op guon skoallen net mear behannele wurde kin. De betsjutting fan de Twadde Wrâldoarloch en it betinken dêrfan stiet ûnder druk.
Oarloggen wêr en wannear ek mar binne inketswarte siden yn de skiednis fan de minskheid. It is wichtich om dêr by stil te stean. Om te beseffen wêr’t de minske ta by steat is sûnder respekt, sûnder tolerânsje, ferdraachsumens en moederaasje. Om net hieltyd wer deselde fouten te meitsjen. Dat is wêr’t dy twa minuten foar stean. En om krekt dat fersteure te wollen betsjut datst der neat fan begrypst. Datst nettsjinsteande moaie praatsjes gjin grissel moederaasje, respekt, tolerânsje en ferdraachsumens yn ’e hûd hast. Datst mei oare wurden in egoïstyske, stomme en gefaarlike kloatsek bist. Dy’t him of har ta de teannen út skamje moat."