Warkum hellet boatsjeminsken stêd yn

Warkum is klear foar it wettersportseizoen. Moandei naam de stêd offisjeel twa nije havens yn gebrûk: de Stedspôle-haven en de Klameare-haven. Wethâlder Maarten Offinga ûntbleate de nammebuorden fan de havens. De havens binne oanlein as ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt mei as doel mear boatsjeminsken de stêden en doarpen yn te krijen. Oant no ta liket dat yn Warkum goed te slagjen, want de lêste tiid lizze der al geregeld boatsjes.
Beide passantehavens lizze yn it histoaryske stedshert en út de Klamearehaven wei ha je sels útsjoch op de monumintale Sint-Gertrudis-tsjerke. Pleatslik Belang naam op de Stedspôle ek noch in grut houten boartersskip yn gebrûk, dat mei stipe fan de gemeente en grut tal sponsors realisearre wurde koe.