Gjin sneltsjinsten nei Flylân tiisdei om minne waar

De rappe boat fan Doeksen © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rederij Doeksen hellet tiisdei de sneltsjinst fan en nei Flylân út de feart, fanwege de waarsferwachting. It giet om de sneltsjinst fan 8.30 oere fan Harns nei Flylân, dy fan in oere letter fan Skylge nei Flylân, dy fan 10.05 oere fan Flylân nei Skylge. En de middeis om 17.20 fan Harns nei Flylân, fan in oere letter fan Skylge nei Flylân en fan 18.55 fan Flylân nei Skylge.
De sneltsjinst fan en nei Skylge fart wol gewoan neffens tsjinstregeling.