Rens Kroes is dwaande mei nij bedriuw, en yt ek wolris sjips

Sûn ite en libje, dêr hâldt Rens Kroes har al jierren mei dwaande. De eardere ynwenster fan Eastermar wennet foar in part yn New York en foar in part yn Amsterdam. Se is dwaande mei alwer in nij boek, har fiifde. "Ik ha it echt drok, mar it is superleuk. It is myn hobby en it makket my lokkich. Ik krij der enerzjy fan," fertelt se yn De middei fan Fryslân dy't moandei mei har belle, om't se har jierdei hie. Se is 31 jier wurden. "Juster ha ik dat al fierd mei myn Amerikaanske freon. We binne al tsien jier by elkoar." En nee, der is noch gjin troudatum. "Hy hat my noch net frege, mar it wurdt wol tiid," laket se.
It nije boek giet ek wer oer iten, mar ek mear oer lifestyle, bewege en ûntspanne. "Ik lit sjen hoe't ik libje en wat myn ynspiraasje is." En ek Rens Kroes keapet wolris in pûde sjips yn de winkel. "Ik hâld fan sjips en patat, mar fyn it ek leuk om te eksperimintearjen om sûne opsjes te meitsjen."
Ein maaie lansearret se in nij bedriuw. Watfoar bedriuw oft dat is, wol se noch net ferklappe. "It hat wol mei iten te krijen."