Spesjaal festival foar artysten mei asyleftergrûn

© Befrijdingsfestival yn Ljouwert
Op it Befrijingsfestival yn Ljouwert is der kommend wykein net allinnich in regulier festival, mar ek in spesjaal ûnderdiel foar artysten dy't yn in asylsikerssintrum wenje of wenne hawwe. Se komme út it hiele lân wei foar it festival Onderweg, as ûnderdiel fan it Befrijingsfestival. Der binne muzikanten, film- en teätermakkers en dichters. De optredens binne yn de stedsoaze, it nije publykssintrum fan Kulturele Haadstêd. It festival Onderweg is in inisjatyf fan Stichting de Vrolijkheid en IepenUP.
De stichting organisearret kreative workshops yn asylsikerssintra yn Nederlân, mei dûns, muzyk en film. IepenUP is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd en rjochtet him op aktuele fraachstikken.