Lokale Omrop Kanaal 30 folslein yn it nij
Yn earste ynstânsje seagen se in ferhuzing hielendal net sitten, mar yntusken tinke se dêr hiel oars oer: lokale omrop RTV Kanaal 30 yn Burgum.
RTV Kanaal 30 siet yn jongereinsintrum Kiehool, mar moast dêr út omdat de gemeente dy lokaasje ferkocht. As nij plak jildt no it bûten Glinstra State. Sneontemoarn waard dêr de nije studio iepene troch twa wethâlders fan de gemeente Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen, dêr't programma's foar makke wurde. By de iepening fan de nije útstjoerlokaasje makke it bestjoer ek bekend dat de lokale omrop bestjoerlik en ynhâldlik mear gearwurkje sil mei RTV NOF, de streekomrop fan Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân.
"Wy fine dat wy as lokale omrop hiel belangryk binne yn dizze tiid. Lokale omrop hat each foar it lytse en direkte nijs foar ús omjouwing. Twitter en Facebook soargje faak foar de flotte fersprieding fan nijsfeiten, mar wy wolle der ek graach 'duiding' by jaan," seit foarsitter Lutske van der Wal fan RTV Kanaal 30.