Hoe moat it fierder mei 100-jierrige Oranjeferiening Kollum?

It is noch net dúdlik hoe't it takom jier komt mei de aubade yn Kollum. It organisearjende Oranje Comité Kollum bestiet dit jier 100 jier en fiert dat ûnder oare mei in eksposysje yn it gemeentehûs. Mar op 1 jannewaris giet de gemeente Kollumerlân op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Foarsitter Jetty Teeninga seit dat it Oranje Comité Kollum neitinke sil oer de takomst.
Dat de Oranjeferiening yn Kollum 100 jier bestiet is hiel bysûnder, sei Bert Blauw fan it Keninklik Bûn fan Oranjeferieningen. De measte Oranjeferieningen yn Nederlân binne oprjochte nei de Twadde Wrâldoarloch. Dy fan Kollum al nei de Earste Wrâldoarloch en dêr binne der net in soad fan, sei Blauw freed yn Kollum.
De eksposysje yn it gemeentehûs fan Kollumerlân is noch oant 31 maaie te sjen. Der binne ûnder mear foto's, krante-artikels en byldmateriaal te sjen fan de yn it ferline troch de Oranjeferiening organisearre aktiviteiten.