Nominaasje foar preamfarren

De Achmeatoer yn Ljouwert
De Stichting Praamvaren Ljouwert is nominearre foar de saneamde 'VVV Rob de Bes Award 2012'. Dit is in stimulearringspriis fan de hiele VVV-sektor foar ûndernimmers yn de toerisme- en rekreaasjebrânsj. De priis bestiet út in trofee en 10.000 euro. Doel is om fernijende inisjativen te stypjen. Goed fjirtich organisaasjes binne nominearre.
Oant 1 augustus kin stimd wurde op de webside fan it preamfarren. De fiif organisaasjes mei de measte stimmen geane nei de finale dy't ein septimber is.