Blokkearders A7 freegje advokaten Anker as ferdigeners

De blokkearders fan de A7 by de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum hawwe advokatekantoar Anker yn 'e earm naam foar harren ferdigening, begjin juny. Dat seit Jenny Douwes, aksjefierder tsjin de anty-Swarte Pyt-demonstraasje. Dizze wike hat der in petear west mei Wim Anker en Tjalling van der Goot fan it kantoar.
Van der Goot seit dat it noch net offisjeel is en wol ek noch gjin kommentaar jaan op de berjochten. Hy seit dat der noch in tal saken útsocht wurde moat, mar dat se wol frege binne troch de groep blokkearders. Neffens Douwes is it allinnich noch mar in formaliteit. Douwes stelt dat de groep twongen wurdt om heech yn te setten by de rjochtsaak, omdat it Iepenbier Ministearje ek heech ynset.
Op 18 novimber ferline jier blokkearre in tal minsken de A7 om anty-Swarte Pyt-demonstrearders tsjin te hâlden. Jenny Douwes wie yn dy moanne dejinge dy't yn Dokkum de protesten tsjin Swarte Pyt oan de kaak stelde en hjirtsjin aksje fierde.
De blokkearders hawwe allegear in mearfâldige oanklacht krigen. De saak spilet foar de mearfâldige keamer yn Ljouwert. De blokkearders komme yn trije groepen foar de rjochter op 6, 7 en 8 juny.