SC Hearrenfean-spiler Pierie mooglik net tsjin NAC Breda

Fuotballer Kik Pierie fan SC Hearrenfean is tongersdei earder nei hûs gien. Dêrmei is hy de iennige spiler dy't ûnwis is foar de wedstriid tsjin NAC Breda fan snein. Op de langer útskeakele Warner Hahn, Martin Ødegaard en Stijn Schaars nei is elkenien fit. Pierie is siik, mar neffens trainer Jurgen Streppel hat hy gjin koarts.
Hearrenfean is dwaande mei in goeie rige. De lêste fiif wedstriden nei Ajax waarden net mear ferlern en Hearrenfean helle 11 punten. Snein kin Hearrenfean him feilich spylje foar de play-offs foar Europeesk fuotbal. SC Hearrenfean spilet tsjin NAC Breda, dat noch net wis is fan noch in jier earedifyzje.
Foar de Feansters binne der in oantal senario's:
Stân
6. SC Hearrenfean 32-46 (-1)
7. Vitesse 32-45 (+11)
8. PEC Zwolle 32-44 (-5)
-------
9. ADO Den Haag 32-43 (-9)
Programma lêste twa wedstriden
Snein 29 april: NAC Breda - Hearrenfean, ADO Den Haag - PSV, Vitesse - FC Twente, PEC Zwolle - Willem II
Snein 6 maaie: Hearrenfean - Feyenoord, Roda JC - ADO Den Haag, AZ - PEC Zwolle, Willem II - Vitesse