FIDEO: Meirinne mei de brânwacht fan Easterwâlde

In soad brânwachtkorpsen ha ferlet fan nije frijwilligers. Brânspuiters hâlde der mei op fanwege saken as pensjoen of ferhuzing en it is dreech om nije minsken te finen. In korps as dat fan Easterwâlde bygelyks, draait folslein op frijwilligers: fjirtjin manlju en ien frou. De kommende twa jier binne der sa'n fjouwer minsken ekstra nedich.
Omrop Fryslân wie by in frijwilliger fan de brânwacht yn Easterwâlde om te sjen wat him driuwt en wat er docht.