Bestjoerder slingeret troch wenwyk ûnder ynfloed fan drugs

De plysje fan Ljouwert hat it rydbewiis fan in 31-jierrige ynwenner fan de stêd ynnaam. De plysje hie heard dat de man woansdeitejûn slingerjend mei syn auto oer de dyk ried. Hy koe oanhâlden wurde op de Pieterseliestraat. Dêrby die bliken dat de man ûnder ynfloed wie fan trije soarten drugs. Dat meldt de plysje. Watfoar drugs oft it krekt wienen, is net nei bûten brocht.
De man woe by de plysjes gjin ferklearring ôfjaan, omdat er graach nei hûs ta woe. De plysje meldt dat er oanjûn hat dat er de ferklearring wol by de rjochter ôflizze sil.