Trije "gefaarlikste krúspunten fan Fryslân" oanpakt yn 2020

Trije krúspunten op de provinsjale dyk tusken Ljouwert en Boalsert, de N359, wurde oer sa'n twa jier oanpast. It giet om de krúspunten by Burchwert, Wommels-Noard en Boalsert-Noard, dy't bekend steane as de gefaarliksten fan Fryslân.
Ynfojûn
Woansdei wie yn Wommels in ynfojûn, wêrop't boargers harren winsken trochjaan koene. Nettsjinsteande dat de provinsje 1600 útnûgings ferstjoerde, kamen der sa'n 50 minsken op ôf. De provinsje sil de suggestjes fan de minsken meinimme yn it proses.
Oannimmers kinne harren plannen it kommende healjier presintearje. It is de bedoeling dat yn 2020 úteinset wurdt mei de oanpak fan de krúspunten.
18 miljoen
Wis is wol dat de diken, net sa as no, op deselde hichte bliuwe. De iene sil ûnder de oare del gean. Hoe't dat krekt komt, sil de kommende tiid dúdlik wurde. Provinsjale Steaten hawwe 18 miljoen euro beskikber steld foar de oanpak fan de krúspunten.
Al tsien jier is der in wurkgroep dwaande om omtinken te freegjen foar de gefaarlike sitewaasjes op de krúspunten. Johannes Herder fan de wurkgroep is "in grutsk man", no't de provinsje der einliks mei oan de slach sil.