Ien leechfleanrûte Lelystêd Airport komt te ferfallen

© ANP
Ien fan de leechfleanrûtes foar Lelystêd Airport, dy't oer it suden fan Fryslân giet, komt te ferfallen. Dat docht bliken út in brief dy't minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat woansdeitemiddei oan de Twadde Keamer stjoerd hat. It giet om de rûte dy't fan de kop fan Noard-Hollân by de Fryske kust delgiet. Om't fleanferkear gebrûk meitsje kin fan in hegere fleanrûte, sa docht bliken út simulaasjes, is it net nedich de leger leine rûte oer it suden fan Fryslân te brûken.
It ferfallen fan de rûte by de Fryske kust del is goed nijs foar aksjefierders. Ut it suden fan de provinsje kaam in soad ferset om't de fleantugen aanst leech oer it gebiet fleane soene. Dit soe soargje foar in soad lûdsoerlêst. Hoewol't de lege rûte der no net komme hoecht, binne der noch hieltyd trije rûten dy't foar in part oer Fryslân rinne sille.
Goed in wike lyn waard bekend dat de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd fierder kin. Neffens planning moat it nije fleanfjild yn de maitiid fan 2020 iepen kinne.