Twa jonge see-earnen berne yn Lauwersmargebiet

Der binne resintlik twa jonge see-earnen berne yn it Lauwersmargebiet. Meiwurkers fan Sovon en Steatsboskbehear ûntdutsen woansdei dat der twa jonge fûgels op it nêst sieten. De see-earnen sitte oan de súdkant fan de Lauwersmar; dat part fan it natuergebiet is net tagonklik foar minsken.
De jonge see-earnen bliuwe yn elts gefal noch oant ein july of begjin augustus sitte op it nêst. Dêrnei fleane de fûgels út. Nei alle gedachten binne de âlders fan de jongen de kommende tiid faker sichtber yn it Lauwersmargebiet, om't se fretten sykje moatte foar de see-earnejongen.