Mistfontein yn Ljouwert bekladde

De mistfontein by it Ljouwerter stasjon is bekladde. Op ien fan de twa wite hollen fan it keunstwurk fan keunstner Jaume Plensa binne yn it swart in snor en teksten spuite. By de fontein leit ek in fyts. It is net bekend as dy wat mei it bekladzjen te krijen hat. De fontein is ien fan de blikfangers fan Kulturele Haadstêd 2018. Ferspraat oer de Fryske stêden komme alve fonteinen.
De gemeente Ljouwert hat oanjefte dien fan it bekladzjen. De plysje ûndersiket oft der kamerabylden fan binne.