Kollum: "Janke Plof en Kees Pruts"
"Hoe’t wy derby kamen, wit ik net mear, mar ynienen gie it oer Janke Plof en Kees Pruts. Doarpsminsken mei in bynamme, sa’t it grutste part fan in doarp eartiids in bynamme hie. Dat kaam foaral omdat dêr in protte minsken mei deselde namme wennen. Om dy lju toch fan inoar ûnderskiede te kinnen betochten de doarpsbewenners dan in bynamme. Like faak ferwiisden bynammen nei it wurk of it berop fan ien, nei fysike eigenaardichheden, ôfwikingen, it hâlden en dragen of nei de klean. Guon nammen koene sels fan generaasje op generaasje oererve wurde.
It fenomeen fan bynammen liket op syn retoer te wêzen. Miskien omdat ek doarpslju hjoed-de-dei nammen ha as Lente, Maan, Splinter, Wolf, Bikkel en Broos. Dat is kilometers ferwidere fan bygelyks Jan Niks, dêr’t ús heit it noch wol ris oer hat. Jan siet op de legere skoalle doe’t master him frege wat er letter wurde woe. ‘Niks,’ sei Jan, wêrnei’t er de rest fan syn libben noait wer oars hjitte soe. Sa wie it ek mei Kees Pruts. Yn in tiid doe’t der noch gjin ‘klusjesmannen’ bestiene, wie Kees der al ien. Hy die fan alles, fan timmerjen en leadjitterij oant it reparearjen fan húshâldlike apparatuer oan ta. Mei wikseljend súkses, en dêrfandinne de bynamme Pruts. Sa hiest ek in man dy’t Bolle neamd waard om’t er op yntime wize nochal sljocht op kij wie, moasten wy bistefretten by Blauwe Hessel helje, waans holle yndie sa’n kleur hie. As bern hiene wy in buorfrou dy’t Tryntsje Kweak hjitte. Jim sille begripe wêrom.
Guon nammen wiene sa ynboargere dat men de echte nammen faak net iens mear wist. Jelle Pôltsje hjitte sa om’t er op in pôle wenne, mar ik ha noait witten wat de man syn famyljenamme wie. Lykje bynammen yn doarpen stadichoan minder te wurden, yn de publike en digitale romte tilt it dêr fan op, hoewol’t it yn de digitale wrâld earder om skûlnammen giet. Sport en polityk binne lykwols by útstek terreinen dêr’t bynammen it goed dogge. Fan de Condor van Varsseveld (Robert Gesink), The Dutch Windmill (Bep van Klaveren), De Vliegende Hollander (Dafne Schippers) en Lord of the Rings ta (Yuri van Gelder).
Yn de polityk waard Jan Peter Balkenende bygelyks Harry Potter neamd, en Geert Wilders ta myn grutte fernuvering De Neger van Venlo. Dy namme soe er te tankjen ha oan syn Yndysk komôf… Donald Trump, sels The Donald hjitten, hat der ek in hantsje fan om tsjinstanners in bynamme te jaan. Sa neamde er Kim Jong-un Rocket Man, bestimpele er syn partijgenoat Marco Rubio as ‘Little Marco’ en Ted Cruz as ‘Lying Ted Cruz’. En ‘Crooked Hillary’ ken ek elkenien.
Dochs binne dat eins skelnammen. Nee, dan leaver bynammen. Sa as De Roeiboat mei syn maat 50 fan skuon, Kubus, fanwegen syn kante kop en Masturberix, sa neamd fanwegen syn rjochtshandige hobby. Hoe liket dat eins by jim, wat bynammen oangiet? Bestean se noch?"