Heftruck tilt boatsje út it wetter yn Ljouwert

Mei help fan in heftruck is sneintemiddei yn Ljouwert foarkaam dat in boatsje sinke soe. De boat wie op de grêft by De Weaze tsjin in oare boat botst en drige te sinken. De heftruck koe de boat krekt op tiid út it wetter tille.
Nettsjinsteande it fersyk om mei te wurkjen oan de ôfhanneling fan de skea, naaide de skipper fan de oare boat út. De plysje hat it registraasjenûmer fan de boat en sil de eigener op koarte termyn oansprekke.