Pieter Weening twadde yn einklassemint Ronde fan Kroäsië

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is twadde einige yn it einklassemint fan de Ronde fan Kroäsië. De basis foar syn poadiumplak lei er tongersdei yn de tredde etappe. Dêryn waard Weening twadde efter de Wyt-Rus Kanstantsin Siutsou. Dy pakte ek de lieding yn it klassemint.
Yn de lêste dagen joech Siutsou syn foarsprong net mear fuort. It ferskil mei Pieter Weening wie snein nei de lêste etappe mar 11 sekonden.
Dy lêste etappe mei de finish yn Zagreb waard wûn troch de Italiaan Paolo Simion. Weening einige fjirtjinde, trije sekonden efter syn konkurrint Siutsou.