"Anker stjoert oan op mislearjen plan nije Cambuur-kompleks"
Undernimmer Jan Anker stjoert der op oan dat de plannen foar it nije Cambuur-kompleks mislearje. Alteast, dêr liket it sterk op. Dat sei FNP-fraksjefoarsitter Jan-Willem Tuininga fan Ljouwert snein yn it radioprogramma Buro de Vries.
Gjin plan B, C en D
Neffens Tuininga hat in goede ûndernimmer in plan B, plan C en in plan D as wat net slagget. Jan Anker hat dat net. De ûndernimmer hie ôfspraken mei de Gamma. De boumerkketen soe him fêstigje yn it nije kompleks, mar lûkt him werom, no't bliken docht dat der in oare grutte boumerk yn de buert komt. Sûnder de Gamma is de finansiering net rûn.
Tuininga joech fierder oan dat er it in kwealike saak fynt dat Anker him fertsjintwurdigje lit troch wurdfierders en sels noait meipraat. "Wy hiene hiel graach mei Anker sels prate wollen" sa sei er.
ROC Friese Poort
Earder dizze wike waard bekend dat ek ROC Friese Poort him miskien weromlûkt út it projekt. ROC Friese Poort moat fóar 1 july dúdlikheid ha dat it nije kompleks der komt. As dy dúdlikheid der net is, docht ROC Friese Poort net mear mei.
Doe't boubedriuw Dijkstra Draisma dat bekend makke yn de riedsgearkomste, die bliken dat de oare belutsen partijen dêr neat fan ôf wisten. Neffens Tuininga in dúdlik sinjaal dat de kommunikaasje tusken alle partijen tige min is. De kâns dat it nije Cambuur-kompleks realisearre wurde sil, is lyts wurden, sa seit Tuininga.